TNO: Soad syktes yn 2030

Yn Fryslân wenje yn 2030 in protte âlderen mei groanyske syktes. Dat docht bliken út ûndersyk fan TNO. De Fryske befolking sil yn 2030 like grut wêze as no, mar wol folle âlder. It tal Friezen fan 75 jier en âlder sil twa kear sa grut wêze as no. Aldere minsken hawwe faak krupsjes, bygelyks de sykte fan Alzheimer en hert-en faatsykten. De minsken sille yn 2030 wol mobiler wêze en harren better rêde kinne, ferwachtet TNO.
Fryslân is, njonken Rotterdam, Amsterdam en Amstelveen, ien fan de regio's dêr't it TNO-ûndersyk útfierd wurdt.