Hearrenfean lokkich yn Zwolle

Alfred Finnbogason hat Sportklup Hearrenfean freed nei in 2-1 oerwinning op PEC Zwolle sketten. De Yslanner makke twa goals en wie dêrtroch belangryk foar syn ploech. Yn de earste helte kaam Hearrenfean op foarsprong troch een strafskop. Luciano Slagveer waard oantikke troch Zwolle-doelman Boer, wernei't Finnbogason it bûtenkânske skoarde. Fia in moaie frije traap fan Broerse kaam Zwolle tsien minuten nei rêst op likense hichte. Finnbogason brocht Hearrenfean yn de twadde helte de oerwinning mei in stift oer keeper Boer.
Troch de oerwinning is Hearrenfean opklommen nei it fiifde plak.