Gerrie yn TVOH-finale

13 des 2013 - 21:33

Gerrie Dantuma stiet yn de finale fan The Voice of Holland. Yn in live-útstjoering fersloech se har direkte konkurrint Wudstik, mei 51 persint tsjin 49. De Stienzer sjongeres is lid fan it team fan Marco Borsato.

It is foar de tredde kear op rige dat in Fries yn de finale fan de sjongwedstriid stiet. De foarigen wiene Iris Kroes en Johannes Rypma. De finale mei Gerrie Dantuma is takom wike freed.

Trefwurden: 
TVOH Gerrie Dantuma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)