Detinearden fuotbalje foar SR

Ald-spilers fan SC Cambuur en SC Hearrenfean spylje nije wike tongersdei in fuotbaltoernoai tsjin detinearden fan de PI Ljouwert. De opbringst fan de seis wedstriden is foar Serious Request. It toernoai wurdt hâlden op it keunstgersfjild fan de finzenis. De tagong is beheind: meiwurkers fan de eardere Marwei meie maksimaal twa minsken meinimme.