Auto yn it wetter
By in ûngelok by Grou is freedtejûn in auto yn it wetter rekke. De trije ynsittenden, in heit en twa bern, koenen út de auto komme. Foarsafier bekend is net ien ferwûne rekke. It ûngelok wie op 'e Lijte, de auto ried it Prinses Margrietkanaal yn. It skipfeartferkear hat gjin lêst fan de auto, de pont nei De Burd kin tydlik net farre.