Serious Record troch de stêd

De Amsterdam Klezmer band rint freedtemiddei al spyljend fan poppoadium Asteriks nei poppoadium Romein. Dat dogge se foar Serious Record, dat it rekôr non-stop live muzyk meitsjen ferbrekke wol. Der wurdt mei-inoar 363 oeren live muzyk makke. De earste dagen wiene de optredens yn Asteriks. De kommende dagen binne de optredens yn Romein.
De opbringst fan Serious Record is foar Serious Request. Dat jild is ornearre foar bern oan de skiterij yn earme lannen.