Belsintrum yn panoramaseal

13 des 2013 - 14:08

De panoramaseal yn de Ljouwerter Achmeatoer wurdt yn de wike fan it Glêzen Hûs brûkt as callcenter fan it Reade Krús. Hjir komme dan alle tillefoantsjes binnen mei donaasjes. Ek de ferbinings fan de tillevyzje en de social mediateams wurkje fan de Achmeatoer ôf. Op de lêste dei fan Serious Request sille tal fan bekende Nederlanners nei de Achmeatoer komme om de tillefoantsjes fan donateurs te beantwurdzjen.

Learlingen en dosinten fan de ROC Friese Poort yn Ljouwert en Dokkum ha oant no ta hast 13.000 euro ynsammele foar Serious Request.

De krystmerk en lesmaraton fan ôfrûne wike hat goed 8.000 opbrocht. It ROC is noch net klear mei har aksjes. Takom tongersdei fynt de finaledei plak mei it Serious Shit Festival.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)