Rûnom trouwe op Skylge

13 des 2013 - 12:19
De Brandaris op Skylge - Foto: ANP

De gemeente Skylge is fan doel om trouwe op alle lokaasjes op it eilân ta te stean. No kin, njonken it gemeentehûs, op mar trije oare plakken op it eilân troud wurde.

De gemeenteried wol lykwols dat minsken tenei sels kieze kinne wêr't se inoar it ja-wurd jouwe as de lokaasjes mar oan de wetlike easken foldogge.

Trefwurden: 
Skylge trouwe
(advertinsje)
(advertinsje)