Training foar A-ware/Fonterra

Nije meiwurkers fan de suvelfabryk op It Hearrenfean krije takom jier trainings fan It Nordwin College en it Friesland College yn Ljouwert. De oplieding wurdt jûn op mbo Life Sciences, in gearwurkingsferbân fan beide skoallen. Njonken de Ljouwerter skoallen sil ek in skoalle út Almelo har dwaande hâlde mei de trainings.
De suvelfabriken fan de A-ware Food Group en Fonterra moatte ein takom jier klear wêze.