Frou berôve fan bankpassen

Twa minsken dy't harren foardienen as meiwurkers fan de thússoarch hawwe tongersdeitejûn in 82-jierrige frou yn Drachten fan har bankpassen bestellen. It slachtoffer krijt geregeld help fan de thússoarch en hat de froulju der sels yn litten. De twa hiene in pear fragen, seinen se.
Neidat se ôfset wiene waard it slachtoffer belle troch in 'meiwurkster' fan de bank mei de fraach om har pinkoade. De frou fertroude dat lykwols net en ûntduts doe dat de bankpassen stellen wienen. Se hat de plysje warskôge.