Boargerwacht foarkomt ynbraken

De boargerwacht yn Sint Nyk is in sukses, it doarp hat sûnt de ynfiering gjin inkele ynbraak mear hân. Yn oktober 2012 is in stel Sint Nyksters begûn mei in boargerwacht omdat der safolle ynbrutsen waard yn it doarp. Yn koarte tiid groeide it tal wachters nei sa'n 77. De frijwilligers dogge alle jûnen en nachten in rûntsje troch it doarp om ynbraken foar te kommen.
Dat wurket sá goed, dat der sûnt dy tiid net ien ynbraak mear yn Sint Nyk west hat. De plysje komt sels net iens mear del omdat der noait wer wat bart.