Kjeldlije foar 4 tûzen euro

Amtner mei iismûtse yn it gemeentehûs fan Dantumadiel © Omrop Fryslân, Geale Groen
De gemeente Dantumadiel hat 4,5 tûzen euro ophelle foar Serious Request. De meiwurkers fan de gemeente hawwe hjirfoar de hele wike yn de kjeld wurke. De kachel wie útset om sa jild te besparjen. Yn guon romtes sakke de temperatuer nei wearden rûn de 10 graden.
Om waarm te bliuwen hat de gemeente ferskate aktiviteiten organisearre, sa koene meiwurkers sportlessen krije. Neffens direkteur Bauke Schat wie it kjeldlijen it lykwols dûbel en dwers wurdich.