Tafersjoch foar Erasmushiem

Wensoarchsintrum Erasmushiem yn Ljouwert stiet fan tongersdei ôf ûnder ferskerpe tafersjoch. Dat hat de ynspeksjetsjinst foar de sûnenssoarch bepaald. Neffens de ynspeksje hat Erasmushiem ferskate saken net goed foarinoar. De bewenners hawwe lykwols gjin momint yn gefaar west, seit direkteur Annemiek Damen.
De krityk giet oer it krekt ôfwurkjen fan protokollen, lykas it oerdragen fan pasjinten foar de begelieding en it meitsjen fan saneamde soarchleefplannen. It tafersjoch duorret in healjier. Dan moat de saak wer yn oarder wêze.
De direksje fan Erasmushiem hat de meiwurkers fan it sintrum tongersdei oer it ferskerpe tafersjoch ynformearre. Erasmushiem is ûnderdiel fan soarchgroep Noorderbreedte, dêr't ek it MCL ûnder falt. Der wurdt op dit stuit in nij Erasmushiem boud oan de Ljouwerter rûnwei.