Gemeente makket Glêzen Hûs-app

It Glêzen Hûs-yn-oanbou op it Saailân
Besikers fan it Glêzen Hûs fan 3FM kinne nije wike mei in spesjale app op de hichte bliuwe fan alle nijs om Serious Request hinne. De gemeente Ljouwert hat de app ûntwikkele. Yn de applikaasje is ynformaasje te finen oer it programma op it Wilhelminaplein en yn de stêd. Ek kinne rûtes, parkearterreinen en ynformaasje oer it iepenbier ferfier opsocht wurde.
De app is te downloaden yn Google Play en de App-Store fan Apple. Minsken moatte dan it sykwurd 'Leeuwarden' brûke.