Aalberts nei De Fryske Marren

12 des 2013 - 16:03

Arie Aalberts wurdt mei yngong fan 1 jannewaris waarnimmend boargemaster fan fúzjegemeente de Fryske Marren. De 61-jierrige Aalberts is op dit stuit noch boargemaster fan de gemeente Dantumadiel. Hy swaait sûnt 2004 de skepter yn dy gemeente. Yn 2007 wie CDA'er Aalberts ek koarte tiid waarnimmend boargemaster yn de gemeente Gaasterlân-Sleat.

Dêrfoar makke er diel út fan it deistich bestjoer fan Wetterskip Fryslân. Ek wie er in skoft foarsitter fan suvelkoöperaasje ccFriesland.

It waarnimmen troch Aalberts duorret oant de nije gemeente nei in sollisitaasjeproseduere in troch de kroan beneamde boargemaster krijt. De ferwachting is dat dit yn de earste helte fan 2015 barre sil. De provinsje ferwachtet dat Aalberts fanwege syn bestjoerlike ûnderfining 'in goeie en soarchfâldige start' jaan kin. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma is fan doel om yn Dantumadiel heal jannewaris in waarnimmend boargemaster te beneamen. Oant dy tiid sil de loko-boargemaster de taken waarnimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)