Nije fergunning foar REC Harns

REC ôffaloven © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
De provinsje Fryslân hat op 'e nij in fergunning ôfjûn oan Reststoffe-enerzjy sintrale REC yn Harns. Mei dizze nije fergunning kin Omrin op syn meast 280 kiloton ôffal yn it jier ferbaarne. Foarhinne wie dit 228 kiloton. Omrin hie de ferheging oanfrege omdat de enerzjywearde fan de ôffalstoffen weromrûn is. No kin de ûne wer likefolle enerzjy leverje as foarhinne.
Der wiene seis sjochwizen foar de fergunning ynfierd. Ien dêrfan hat konsekwinsjes hân foar de fergunning; dizze sjochwize hie te krijen mei it lûd dat makke wurde mei.