Oerterper mei fjoerwurk oppakt

© ANP XTRA
In 32-jierrige ynwenner fan Oerterp is woansdei oanhâlden foar bedriging. De man hie op 25 novimber in helpferliener mei de dea bedrige. Dizze die dêr oanjefte fan. Woansdeitemoarn waard de fertochte yn syn wenning oanhâlden.
Yn it hûs fan de fertochte fûn de plysje ek noch in heale liter GHB en grûnstoffen en lonten foar it meitsjen fan fjoerwurk. De man is oerbrocht nei it plysjeburo. De grûnstoffen foar it meitsjen fan fjoerwurk en de drugs binne yn beslach naam.