Caparis sit yn 'positive flow'

12 des 2013 - 14:01

Wurkfoarsjenningskip Caparis ferwachtet yn 2014 in lytse miljoen euro winst te meitsjen. Dat stiet yn de begrutting foar takommend jier. Dêrmei ferwachtet de lieding fan Caparis de positive sifers fan dit jier trochsette te kinnen.

Sa as de stân fan saken no is liket Caparis dit jier 400.000 euro oer oan harren aktiviteiten oer te hâlden. Neffens direkteur Flip Glas sit Caparis no yn in positive flow. Hy ferwachtet sadwaande yn 2014 in hegere winst.

Trefwurden: 
Caparis winst
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)