'Boeren moatte dong ferwurkje'

Mear kij yn de greide soe it gefolch wêze moatte fan it nije dongbelied. Steatssiktaris Sharon Dijksma hat it nije belied tongersdei bekendmakke. Boeren meie safolle kij hâlde as se wolle, mar se moatte de ekstra dong dy't dat opsmyt, sels ferwurkje. Dêrfoar soene se nije grûn oankeapje kinne, of de dong ferwurkje litte kinne troch oare bedriuwen.
Steatssiktaris Dijksma hopet dat boeren en boere-organisaasjes mei-inoar ôfspraken meitsje oer in duorsume groei fan de melkfeehâlderij, mei as doel mear kij yn de greide.
Geart Kooistra fan de LTO fynt dat it nije dongbelied fan steatssiktaris Dijksma in rem op de skaalfergrutting set. Boeren meie safolle kij hâlde as se wolle, mar se moatte de ekstra dong dy't dat opsmyt, sels ferwurkje. Dêrfoar soene se nije grûn oankeapje kinne, of de dong ferwurkje litte kinne troch oare bedriuwen, of de kij faker yn it lân rinne litte. Mar dy grûn is der net. De LTO is wol bliid dat der no dúdlikheid is foar de feehâlders, sadat se plannen foar de takomst meitsje kinne.