40 pups yn seehûnekresj

Oanspielde seehûn yn Roptasyl © Omrop Fryslân, Eduard Rekker
Seehûnekrêsj Pieterburen yn Grinslân hat 40 seehûnepups binnenkrigen nei de stoarm fan ferline wike. Dat is de helte fan de pups dy't ferline wike op de Richel by Flylân berne waarden. Pieterburen ferwachtet binnen tsien wiken alle pups wer útsette te kinnen. De gûlers moatte earst op gewicht komme.
Op Flylân en Skylge lizze noch sa'n tsien pups dêr't de mem by is.