10 jier 'Huis voor jongeren'

12 des 2013 - 11:57

Mei in sympoasium wurdt tongersdei stilstien by it 10-jierrich bestean fan het Huis voor Jongeren yn Ljouwert, in opfanghûs foar jongerein dy't thús- en dakleas binne. Yn it sympoasium steane de jongerein en harren talinten sintraal. Yn ferskate workshops kinne bestjoerders fan ynstânsjes fan de jongerein leare.

Dat is de filosofy fan it lanlike projekt Van de Straat dat op it sympoasium presintearre wurdt. As ûnderdiel fan dit projekt rint yn Fryslân in pilotprojekt foar dakleaze jongeren sûnder behinderings fan regels en burokrasy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)