Jonge boeren wolle kwaliteit

12 des 2013 - 11:02

Jonge boeren wolle har folle mear rjochtsje op de kwaliteit as op de kwantiteit fan it buorkjen. It wolwêzen fan de bisten en omtinken foar miljeu en lânskip binne wichtiger as skaalfergrutting. Ek wolle se sosjale media brûke om draachflak foar har wurk te krijen.

Dat sei boerinne en bestjoerslid fan de Agraryske Jongeren (NAJK) Inge van Schie woansdei op de ledegearkomste fan LTO Noard. Der lizze kânsen, mar der binne ek grutte útdagings foar de jonge boer, neffens de Agraryske Jongeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)