Klûzen stellen en leechhelle

Ynbraak © ANP XTRA
Op ferskate plakken yn Fryslân binne woansdei klûzen stellen en leechhelle. Yn Drachten is by in bedriuw oan De Bolder ynbrutsen. De dieven ha in klûs mei jild meinaam. Op It Hearrenfean is in metalen doar iepenbrutsen by in bedriuw oan de Icarus. In klûs fan 40 by 60 sintimeter waard meinaam. Ek yn dizze klûs siet jild.
Yn Ljouwert is jild út in klûs stellen by in bedriuw oan de Balthasar Bekkerwei. Om 7 oere gie in ynbraakalaarm. De plysjes dy't dêr op ôf kamen ûntdutsen dat de klûs iepenstie en it jild meinaam wie.
Twa jonges fan 14 út Ljouwert binne woansdeitemoarn oanhâlden omdat se der fan fertocht wurde dat se in jildkistje fan skoalle stellen ha. Dat barde al twa wike lyn.