Jild nedich foar einekoaien

12 des 2013 - 09:53

Trije bûtendykse einekoaien op Skylge hawwe grutte skea oprûn troch de stoarm fan ferline wike. Om de problemen op te lossen binne tsientûzenen euro's nedich. Mar dat jild ha de partikulire eigeners fan de koaien en ek Steatsboskbehear net. Troch de stoarm binne gatten yn de diken om de koaien hinne ûntstien. Dêrtroch, mar ek troch kninehollen, streamde der in soad sâlt wetter nei binnen.

De koaidiken kamen op trochbrekken te stean. Frijwilligers ha hûnderten sânsekken tsjin de lekken pleatst om it wetter tsjin te hâlden.

Dat is foarearst slagge, mar as der wer sa'n stoarm komt, hâlde de diken it nei alle gedachten net mear. Dêr moat fluch wat oan dien wurde, fine de koaikers en Steatsboskbehear. In strukturele oplossing is om de diken op 'e nij del te lizzen, mar dat kostet tsientûzenen euro's. As is measte wetter fuortlutsen is, wurde de gatten ûnder de sânsekken foarearst opfold mei klaai. Steatsboskbehear sil ynkoarten in subsydzje-oanfraach by it Waadfûns dwaan foar it behâld fan de Skylger einekoaien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)