Aris ferliest wer

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris hawwe woansdeitejûn opnij ferlern. Yn de útwedstryd tsjin Rotterdam giene se nei twa ferlingings mei 113-105 ûnderút. Beide ploegen wiene lange tiid yn lykwicht. Oan de ein fan de normale spyltiid stie it 83-83 en de earste ferlinging brocht ek noch gjin winner (94-94). Uteinliks wiene it dochs de Rotterdammers dy't de punten krigen.