Boargemaster Hoornstra riddere

Boargemaster Willem Hoornstra fan Gaasterlân-Sleat hat woansdeitejûn in lintsje krigen by de lêste riedsgearkomste fan syn gemeente. De gemeente giet per 1 jannewaris op yn de nije fúzjegemeente De Fryske Marren en de 65-jierrige Hoornstra giet dan mei pensjoen.
Hoornstra hat yn it ferline op ferskate plakken aktyf west as wethâlder en as boargemaster. Fan 2007 ôf wie er yn funksje yn Gaasterlân-Sleat. Hoornstra krige de keninklike ûnderskieding fan Kommissaris fan de Kening Jorritsma.