Elkien en De Wieren 'fusearje'

11 des 2013 - 18:48

De wenningboukorporaasjes Elkien fan It Hearrenfean en De Wieren út Snits binne fan doel om yn 2015 as ien organisaasje fierder te gean. Beide organisaasjes binne te lyts om allinnich de kwaliteit fan de sosjale hierwenten op peil hâlde te kinnen. Sa moat De Wieren op termyn miljoenen ynvestearje yn Snitser wenwiken en hat Elkien te krijen mei krimp op de doarpen. Hoe't de nije organisaasje derút komt te sjen is noch net dúdlik. Dêroer moat earst praat wurde mei meiwurkers, fakbûnen en bestjoeren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)