Heiwo-fabryk wreidet út

Heiwo fabryk yn Wolvegea
It Heiwo-karrosseryfabryk yn Wolvegea is flink útwreide. It bedriuw bout tsjinoer de hjoeddeiske produksjehallen in 1500 kante meter grutte spuiterij. Dêr komme twa spuitkabines yn. De útwreiding wurdt mei mooglik makke troch de oername fan Koning Coating Service op De Jouwer.
De hjoeddeiske eigener Koning wol ôfbouwe en dertroch lei in oername foar de hân. It wurk yn de nije spuiterij yn Wolvegea moat yn maaie fan start gean.