Lintsje foar Abel Zeilstra

Lintsje © ANP
Abel Zeilstra (64) út Goaiïngaryp hat woansdei op de fergadering fan de VVV en ANWB in keninklike ûnderskieding krigen. Boargemaster Mary Looman fan Skarsterlân hat de fersierselen útrikt. Zeilstra hat it lintsje krigen foar syn wurk as bestjoerslid by ferskate organisaasjes. Sa is hy ûnder oare belutsen by de VVV, de ANWB, de Nederlânske Bowling Federaasje, de Kommisje Wettersport Opliedings en Wettersportferiening Goaiïngaryp. Zeilstra hâldt no op mei syn wurk om't er takom jier nei Súd-Afrika emigrearret.