Sjen op de set fan film STUK!

Kameraploegen en ferslachjouwers wiene woansdei manmachtich yn Moarre. Se kamen allegear foar in besite oan de set fan de film STUK!. De film wurdt regisearre troch Steven de Jong en is basearre op in boek fan Judith Visser. It is in jongereinthriller oer cybercrime en peste, mei úteinlik in gizeling. In famke wurdt in skoft lang fêsthâlden yn in loads. En dy stiet dus yn Moarre.
De Fryske ynbring komt neist de regisseur fan Iris Kroes dy't de titelsong sjongt en Rense Westra spilet yn de film. De film is healwei takom jier yn 'e bioskoop.