Polonêze foar Serious Request

It glêzen hûs stiet al op it Saailân © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Studinten fan de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert wolle nije wike tongersdei besykje it wrâldrekôr krystmûtsepolonêze te ferbrekken. Dat rekôr stiet op 330 persoanen en de studinten wolle dat yn it ramt fan Serious Request oertreffe. Se hawwe noch wol mear dielnimmers nedich. Se roppe dêrom elkenien op om him of har nije wike tongersdei om 15.30 oere te melden op it Aldehoustertsjerkhôf. Dêr stiet in grutte tinte fan de studinten. Elkenien kin dêr in krystmûtse keapje foar it goede doel en dan achter oanslute yn de polonêze.