Munysje yn see kin gefaar wêze

11 des 2013 - 13:25

De munysje dy't by de Kalkman tusken It Amelân en Skiermûnseach leit, kin noch hieltyd foar gefaar soargje. Koartlyn eksplodearren njonken it syljacht fan Herbert van der Veen fan Dokkum twa bommen. Nei alle gedachten giet om munysje dat flak nei de Twadde Wrâldoarloch dêr yn see stoart is. Ferline wike berjochten Omrop Fryslân en EenVandaag oer dat munysjestoart. De goed 500 ton skerpe Dútske granaten dy't dêr yn see dumpt binne, wurde net yn de gaten hâlden.

Neffens munysje-ekspert Frank Barink jouwe dizze eksploazjes oan dat gau ekstra ûndersyk nei dat stoart nedich is. By it ynsidint mei de sylboat is net ien ferwûne rekke.

Trefwurden: 
munysje Kalkman
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)