Plysje nimt bisten yn beslach

11 des 2013 - 10:04

By in wenning yn Stynsgea hat de plysje tiisdei in grut ferskaat oan bisten yn beslach nommen. It giet om trije hûnen en sân pups, goed tweintich hinnen en hoannen, trije dowen, twa geiten en in baarch. Ek trije deade kninen binne romme. De 76-jierrige bewenner wie net thús. Earder hie de man al in beskikking krigen dat er gjin bisten mear hâlde mei. Dêrom die de plysje in nije kontrôle by dit adres. De bisten binne op in oar plak ûnderbrocht.

Trefwurden: 
plysje bisten Stynsgea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)