Glêzen Diner: 40.000 euro
It Glêzen Diner foar Serious Request yn de kassen fan Empatec by Berltsum hat tiisdeitejûn 40.000 euro opsmiten. Der hienen hienen 400 gasten ynskreaun, dy 't 150 euro de man betellen foar in Frysk miel. De organisaasje wie yn hannen fan Stenden Hotelskoalle Ljouwert en de Friesche Compagnie. It iten wie fan masterkok Albert Kooy.