Fragen SP oer munysjestoart

10 des 2013 - 22:06

De Twadde Keamerfraksje fan de SP wol opheldering ha oer it munysjestoart ûnder de Engelsmanplaat yn de Waadsee. Ferline wike brocht Omrop Fryslân yn oparbeidzjen mei EenVandaag nei bûten dat der 500 ton mei net ûntplofte Dútske granaten leit en dat it stoart net kontroleard wurdt. Rykswettersteat is yn opdracht fan it ministearje dêr ferantwurdlik foar, mar seit dat se noait opdracht hân hat de eksplosiven yn 'e gaten te hâlden. De SP freget it ministearje fan Definsje en Miljeu opheldering te jaan oer oft der kontroleard is en troch wa.

De partij freget it ministearje ek oft der in risiko is dat der munysje oanspield op it strân en hokker ministearje ferantwurdlik is foar it stoart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)