FNV twifelet oer fallisemint

It fakbûn FNV set fraachtekens by it fallisemint fan Kooiker Transport BV út Grou. Tiisdeitemiddei krigen de fyftich sjauffeurs fan it bedriuw te hearren dat harren bedriuw fallyt is en dat se dien krije. Neffens direkteur Lútsen Melein kin it bedriuw de holle finansjeel net mear boppe wetter hâlde. Melein is yn oerlis mei in kurator oer in trochstart en seit dat hy syn bêst docht safolle mooglik minsken en wurk mei te nimmen.
Minke Jansma fan it FNV wist dat it bedriuw it dreech hie, mar it fallisemint kaam har oer 't mad. Sy set fraachtekens by de bedoeling fan de direksje fan Kooiker Transport BV en is benaud dat it bedriuw de minsken dien jout mar it wurk behâlde wol.