Soad ynteresse Lânboubeurs

10 des 2013 - 20:08

De measte standsjes op de Noard-Nederlânske Lanboubeurs fan takom jier binne al fersein. Neffens de organisaasje is der in soad belangstelling fan eksposanten út binnen- en bûtenlân. De Noard-Nederlânske Lanboubeurs is de grutste regionale lânboufakbeurs.

It wurdt takom jier yn desimber yn it WTC Expo yn Ljouwert hâlden. De organisaasje ferwachtet sa'n 300 standhâlders en 22.000 besikers.

(advertinsje)