'Krik by keallerij tastean'

10 des 2013 - 16:33

Under betingst mei de bertekrik brûkt wurde by it kealjen. Dat is it stânpunt fan Bistebeskerming Fryslân. It gebrûk fan sa'n krik is no noch ferbean, mar neffens Wakker Dier brûke boeren de krik faak by in drege keallerij. Wakker Dier ropt steatssiktaris Sharon Dijksma dêrom op ta better tafersjoch. Neffens Wakker Dier soe de krik skealik wêze foar de keallen.

De bistebeskerming is it dêr net mei iens. Sy fine dat boeren mear foarljochting oer it brûken fan de krik krije moatte. Ek omdat de krik bytiden it libben fan in keal rêde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)