Skriuwe foar minskerjochten

It is tiisdei 10 desimber en dat is de ynternasjonale dei fan de minskerjochten. Dêrom organisearret Amnesty International yn mear as 80 lannen de skriuwmaraton 'Write for Rights'. Yn Ljouwert bart dat tiisdei oant 5 oere middeis yn it Fries Museum, dêr't yn de hal kaarten en brieven skreaun wurde kinne om politike gefangenen frij te krijen.
Tiisdeitejûn kin der ek wer skreaun wurde as yn filmhûs Slieker minskerjochtefilm 'The Act of Killing' fertoand wurdt. Woansdei binne der dan noch skriuwaktiviteiten yn Tresoar, de NHL en Stenden.