Koper stellen yn Aldehaske

10 des 2013 - 12:42

By Metaalhannel De Horne oan de Duitslanddreef yn Aldehaske is yn de nacht fan moandei op tiisdei mear as tûzen kilo koper en 250 kilo brûns stellen. De skea foar it bedriuw leit tusken de 5.000 en 10.000 euro. De dieven kamen der yn troch oan de sydkant fan it bedriuw in stek iepen te knippen.

It wie al de fjirde kear dat der ynbrutsen waard by de metaalhannel. It bedriuw wol no kamera's ophingje as ekstra befeiliging.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)