Google Glass yn Surhústerfean

Wouter Slotegraaf fan Surhústerfean hat de earste Google Glass fan Fryslân. De bril fan Google is offisjeel noch net te krijen yn Europa. Slotegraaf hat de bril yn Amearika besteld. It apparaat hat him 2400 euro koste.
Slotegraaf hat de ynvestearring dien foar syn app-bedriuw Freed. De ûndernimmer hat hege ferwachtings fan it apparaat. Tegearre mei syn compagnon Jan Kooistra wolle se apps foar de bril ûntwikkelje.