Twa ûngelokken mei fytsers

Tiisdeitemoarn wiene der twa ûngelokken mei fytsers yn Ljouwert. Op de Siriuswei yn bedriuweterrein De Hemrik waard in fytser troch in auto skept. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.
Op de Symen Halbeswei by Lytse Geast waard in famke fan 'e dyk riden. Se rekke net ferwûne, mar har fyts bruts yn twaen. De bestjoerder is trochriden.