Nijbou Eksmoarre tichteby

De plannen foar de bou fan wenningen en in wensoarchkompleks yn Eksmoarre binne in stap tichteby. De nije wenten yn it wykje Keatsmoarra sille benammen boud wurde foar allinnichsteanden en starters. Der komme ek frije kavels.
Yn it soarchkompleks komt romte foar op syn minst seis wenten. De plannen wurde ûntwikkele troch boubedriuw Van Zuiden fan Tsjerkwert. Dy sil takom wike de plannen presintearje oan it doarp.