Befolkingsûndersyk termkanker

09 des 2013 - 20:42

De Tsjongerskâns op It Hearrenfean is mei trije oare Fryske sikehuzen oanwiisd as sikehûs mei in termscreeningssintrum. Dat hâldt yn dat de spesjalisten ferfolchûndersiken dwaan meie by minsken tusken de 55 en 75 jier.

Fan 1 jannewaris ôf wurde dy om de twa jier kontrolearre op termkanker. It ministearje fan Folkssûnens wol dat de sykte sa earder opspoard wurdt. Yn it termscreeningssintrum yn De Tsjongerskâns sille alle jierren hûnderten minsken har kontrolearje litte, is de ferwachting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)