Buertprevinsje yn Harns

09 des 2013 - 17:15

Yn Harns surveillearje yn de nacht fan moandei op tiisdei groepkes buertbewenners yn harren wyk om foar te kommen dat der ynbrutsen wurdt. Lange tiid wiene der in soad ynbraken. De hoop is dat dêr no in ein oan komt. Boargemaster Roel Sluiter fan Harns starte moandei it pilotprojekt mei de ûnthulling fan in boerd.

As it pilotprojekt fan buertprevinsje suksesfol is hoopje de inisjatyfnimmers dat it op oare plakken yn Fryslân neifolging krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)