Wer Fryske Olympiade yn 2015

09 des 2013 - 14:53

Der komt op 'e nij in Fryske Olympiade by Burgum, mar net earder as yn 2015. Ofrûne juny wie der foar it earst in Olympiade, mei as doel om de Fryske sporten keatsen, fierljeppen en skûtsjesilen byinoar te bringen. By Burgum oan de Wide Ie wie spesjaal in fierljepskâns en in keatsfjild oanlein.

De earste edysje luts lykwols net folle besikers. Neffens de organisaasje kaam dat troch it minne waar, de minne PR en de ûnbekendheid fan it evenemint.
It bestjoer wol fan de Fryske Olympiade in nije, jierlikse tradysje meitsje.

Trefwurden: 
Olympiade Fryske Olympiade
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)