Gasflesse yn brân yn Starum

09 des 2013 - 10:55

De boupleats oan de Stadsfenne yn Starum hat moandeitemoarn koarte tiid ûntromme west omdat in gasflesse yn brân stie. Fanwege mooglik ûntploffingsgefaar moasten de boufakkers it bouplak ferlitte.

De brânwacht hie it fjoer gau wer út. Op it bouplak wurdt wurke oan de nije slûs fan Starum.

Trefwurden: 
Starum brân gasflesse
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)