Fryslân giet op nei de kryst
No't Sinteklaas it lân wer út is, makket Fryslân him klear foar de krystdagen. Rûnom binne krystmerken, benammen yn Dútslân, mar ek yn eigen provinsje wurde dy hâlden.
Lykas snein yn Himmelum, dêr't hûnderten besikers nei de Winterfair fan fakânsjebuorkerij it Flinkeboskje kamen.