Ferlies SWS, FVC en De Jouwer

De trije Fryske sneinshaadklassers hiene in beroerd wykein, alle trije ferlearen. Snits Wyt Swart ferlear yn Meppel mei 2-1 fan Alcides. Age Hains Boersma sette de Snitsers noch wol op foarsprong, mar yn de twadde helte makke Alcides dien wurk. FVC ferlear op eigen fjild mei 3-1 fan Alverna. Ek FVC kaam op foarsprong troch in goal fan Omar Wijnja. Sportklup De Jouwer joech koprinner MSC goed partij, mar ek de Jousters lutsen oan it koartste ein. MSC wûn mei 2-1.
Johan Groote hâldt nei dit seizoen op as trainer fan Snits Wyt Swart.