250 beammen sneuvele yn T'diel

08 des 2013 - 15:11

Troch de hjerststoarm fan 28 oktober binne yn de gemeente Tytsjerksteradiel in opfallend tal grutte, sûne en byldbepalende beammen omwaaid. Dat skriuwt de gemeente yn in evaluaasje. Goed 250 beammen binne út it strjitbyld ferdwûn, dy hawwe in wearde fan hast 1000 euro it stik.

De meiwurkers fan de gemeente hawwe it noch hieltyd drok mei it oprêden fan alle gefolgen fan de stoarmskea, lykas it fuortheljen fan beamstobben. In krekte skatting fan it totale skeabedrach kin de gemeente noch net jaan.

Trefwurden: 
beammen Tytsjerksteradiel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)